REBOELJE teksten

Van het album "De oere O" september 2000 (nederlandse vertaling)

                        oere-o.gif (199917 bytes)

Simmersliep

Dagenlang al lis ik hjir 
slûch op bêd
Ik haw nocht oan nimmen 
en fan iten ha 'k gjin ferlet
Foar wa noch sil ik d'r ôf gean hjoed
it hat sa gjin sin
De simmer duorret noch lang
is dit de ein fan it begjin

Kom dêr no wei, do hearst derby
Kom gean no mei, do hearst by my 

Ik hear it net 
ik kin it net mear ferneare
It bonket yn myn holle
sa lang al haw ik sliept
Mar opnij jou ik my del
ik jou my oer oan de simmersliep
sa gean' de dagen it fluchst foarby
en komt de oere der hast wer by

Kom dêr no wei, do hearst der by
Kom gean no mei, do hearst by my 

Dy deis sil ik ûntweitsje
Dy deis sil ik foar jim bestean 
Dy deis sil ik der wêze  
Dy deis sil ik de sinne sjen

Kom no, kom no, gau by my
de simmer is al hast foarby
Kom mar, kom mar, gau by my

Dy deis sil ik ûntweitsje
Dy deis sil ik wer foar jim gean
Dy deis sil ik der wêze
Dy deis sil ik de sinne sjen
Dy deis sil ik der wêze
Dy deis lit ik jim de sinne sjen

 

It Fromme Folk

sa 't se dêr rinne, in slach troch it doarp
fansels altyd kreas yn 'e klean
se sykje net mear, wêr moatte se noch hinne
se hawwe Him al fûn

se binne sa oars as ik, dy't alles al die
mar noch net wit wat goed en wier is
se binne net fry mar foldien mei wat se hawwe 
... dat is it Fromme Folk

en ek dizze snein, it is net moai waar,
mar se stappe hjir foarby
net dat se laitsje, of wier blier sjogge
mar se hawwe Him al fûn

hoe graach soe ik sa wêze wolle
net mear sykjend, sûnder soargen
hoe graach soe ik sa wêze wolle
sa as ... it Fromme Folk
Oarlochstiid

dy fiif jierren doe 
it wie net in tiid fan wille en fertier 
it wie oarlochstiid 
mar foar har gjin djippe delten en fertriet  
se wurke hurd, alle dagen lang
fan jûns let oant moarns betiid
al wie har keamer klam, en foel it wurk har swier
se koe ite fan de bonnen dy't se hie
al duorren de winters lang
se wie wier net ûngelokkich, sa't it gie

mar doe kaam de dei, dat alles feroarje soe
se seach tanks moarns op 'e dyk 
en wa't bûten wie, song en dûnse mei
elkenien wie bliid en frij
alle flaggen út, sigaretten, sûkela
en de muzyk klonk oerol rûnom
se seach foldiene minsken, dy't sa mei-inoar
skriemden fan gelok
se seach safolle minsken, dy't no nei-inoar
laken fan genot
en dêr stie se dan, tusken tûzenen
mar sûnder wa dan ek
en dêr stie se dan, tusken tûzenen
mar sûnder wa ek mar

en dy maaie-dei wie der net ien dy't seach 
dat se hielendal ûnder gie
se soe it opjaan doe, tusken tûzenen
soe se ûndergean foar altyd 
se is hast ferdronken dêr, yn de djippe see
fan de grutte iensumheid
soe se fersûpe dêr, yn de djipste see
fan de grutste iensumens ?
 
Hein 

Hy kaam ek by my
mei syn meagere lea
syn yslike stim sei
dyn tiid hjir is om, it is foarby, 
de beurt is oan dy 
Ik sei: Hein, ik wit wasto bist,
en dast mei de dea 
net ûnderhânnelje kist 
in soad hoech 'k ek net, mar ik ha noch ferlet
fan in oerke as twa 

Hy sei: jongen, ik wit wasto wolst
manlju binn' allegear gelyk, dat krijst der nea út
Hy sei jongen, sjenear' dy mar net,
manlju bin allehjir gelyk, dat krijst der nea út
mar hawar, ik haw it oan tiid 
do krijst noch in oerke derby
jawis, ik mei dy wol lije 
do krijst noch in oere fan my
in oere der by

wy setten fuort ôf
Hein neist my foaryn,
mei syn meagere skonken
hast tsjin it rút. Ik sei noch Hein:
dyn stoel kin efterút 
Sa kamen wy oan, 
by in kast fan in hûs
Hein gie my foar
ik seach troch de doar, dêr seach ik dy 
al wie 't fantasij 

Hy sei: jongen, ik wit wasto wolst
manlju binn' allegear gelyk, dat krijst der nea út
Hy sei jongen, sjenear' dy mar net,
manlju bin allehjir gelyk, dat krijst der nea út
mar hawar,ik haw it oan tiid 
do krijst noch in oerke derby
jawis, ik mei dy wol lije 
do krijst noch in oere fan my
in oere der by
De lêste nacht (la-da-di-da)

wa't ik no wurklik bin
sa't ik hjir neist dy rin?
wa wolst it leafste sjen
âs ik wat tsjin dy sis?
dit is de lêste nacht
en do sliepst al hast
ik klaai my om en sis noch sacht
dat ik dy no ferlit
de bern ha hjoed noch, oh sa moai boartte
we ha' yn 't gers lein en ferskes makke
al wie alles wier net wier

la-da-di-da-dai-da-dai
la-da-di-da-dai

Dit wie de lêste dei
dat ik sa rjochtop rûn?
Ik flamje nei de bistewrâld
dêr't ik ea begûn
en de bern dan, hear ik se sizzen
jou ik de huning, lit ik se lizze?
sil ik se ea wer sjen? 

la-da-di-da-dai-da-dai
la-da-di-da-dai
Marije Maria

sa asto dêr stiest sa fier en rjochtop
Marije ik ken dy salang
sa ast nei my sjochst, ik wit datst 't kinst
Marije wês mar net bang
as ien my doe sein hie, dat God graach in bern woe
Marije dan tocht ik oan dy
ik sjoch nei dyn eagen, dyn mûle dyn búk
Marije it is gjin fantasy

wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang 
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein
sa asto dêr rinst blier en útdaagjend
Marije sa moai en sa pril
ik leaude fuortdaliks, dat Hy by dy kaam
Marije ik hâld it wol stil  

do bist in frou foar in wonder, as faam al bysonder
Marije do kinst it wol oan
frou út de dreamen fan safolle minsken
Marije sa moai en gewoan
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang 
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein

Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy     
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy     
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy     
Nim my mei

krekt doesto it opjaan soest
seachsto him dêr stean
hy seach op dy del
en it wie as koest him al hiel lang
hy luts dy omheech 
hy lake dy ta en frege
wat hat dy hjir brocht 
sa ier en betiid dizze moarn
koest net mear sliepe
bist fan hûs fuortrûn?
famke wat bisto moai 
begjin gewoan opnij
fei dyn triennen ôf en 
stap mar yn by my
fertel my hoesto hytst
en wasto bist, en watsto wurde wolst 

nim my mei, nim my mei
hâld my fêst, oars fal ik wer werom

famke, famke draal mar net
en gean no mei mei my
ik haw allinnich mar freonen
dus wês mar net benaud
doch no mar wat ik dy sis
dan kin dy neat oerkomme
dei en nacht tink ik om dy
net ien sil dy wat oandwoan
klaai dy om en besjoch dysels
famke wat bisto moai
laitsje my ta en dûnsje
triennen wol ik net mear sjen
asto der mar bist foar my
dan bin ik der foar dy
jawis do kinst it wol oan famke
sa jong asto bist, ik lit dy nea wer gean

nim my mei, nim my mei
lit my mar, ik wol nea wer werom
 
Doch de raaie

elkenien seit doch mar gewoan
mar ek hjoed giet it wer oan
en jûn silst' de moanne sjen
mar dan moat no it dak derôf
wy sette troch noch oerenlang
sels de hoanne makket ús net bang
wês net dysels, en draai dy om
en doch de raaie, mar fal net om

oh la la la ...  

kastlein skink nochris yn
jou ús bier en wite wyn
twa gitaren en in bas
en allegear in reade jas
twinkel twinkel lytse stjer
fan no ôf oan hearst do derby
nimmen wit noch wasto bist
doch de raaie en frij mei my

oh la la la ...  
Nije kleuren, nije bisten

dy jûn dat ik dêr rûn mei dy en ús jonge
yn in oaze sa fol fan lok mei tûzenen kleuren
wy seagen bisten dy't noch nea ien earder sjoen hie
en it wie mei dy sa fertroud dat ik leaude dat ik fan dy hold

fierder, o wat in pracht, sjoch al dy blommen 
wy hieltyd hân yn hân en foar ús de jonge
op in plak sa hiel oars as yn ús alledeiske libben
sels de reinbôge hie hjir noch safolle nije kleuren

doe sloech it waar om, de himel bruts iepen
en it reinde sa lang en sa fûl, mar neat koe ús deare
en oan 'e ein fan de bui wie alles feroare
blommen hongen omleech en de bisten wiene ferdwûn

ik wit net wat der yn dy omgie doe't ek ik yn de fierte ferdwûn 
mar ik seach net mear om en wist dit wie it ferlangst
om mei dy nije kleuren en bisten te sjen en te stjerren
om mei dy nije kleuren en bisten te sjen en te stjerren
Hark, hark

ik flokte en rûn fierder
mar opnij wer seach ik om
wêrom no doar ik net te dwaan
sa as de helden
dy't wol doarden wat ik net die
dy't skreaune wat se tochten
sûnder stil te stean
by de priis dy't dêr op stie

mar hjoed waard ik wekker
en ik tocht no bin 'k der wis fan
ik skriuw net langer op
wat ik tink yn al myn dreamen

it is no noch kâld en donker
en noch efkes jou ik my del
ik sparje noch wat krêften
wachtsje mar oant it ljocht wurdt
wachtsje mar ik sil grutter wurde
en respekt ôftwinge, 
sûnder eangst sil ik it fjoer opstokelje
en ik sil jim taroppe

moat it no sa
moat it no sa
hark, hark
hark, hark
mar guon wol it net oan
guon sille my fermoardzje
mar út myn rymsels wei
sil ik jim noch tasprekke
jim gewisse wêze
hark, hark
Djip yn mien siel

Dit wie myn libben en it is no hast foarby
It stie it tsjinst fan de boargermaatskappij
ik keas it paad fan de fromme man
fanwege goed gedrach krige ik libbenslang
ik hie wol dreamen oer de grutte see
mei al syn havens en har huorkerij
It swalkerslibben it bleef by fantasy
en ik ferdrong de pine en ik bleef by dij

elkenien, joech goeie rie
en ik lústere, en ik die
sa waar ik ferneamd
as in eersum man
dy't syn libben joech
foar it boargerlân

no't alles foarby is, sjoch ik wêr werom
op it fromme libben fan in brutsen man
dy't de striid ferdrong in libbenlang
mar dy't gjin frede foen mei syn earste natoer
djip yn myn hert fiel ik noch flammen
djip yn myn siel baarnt noch hieltyd fjoer