15-02-2004>

Bêste Reboelje-fan,

It hat eefkes duorre, mar hjirby dan dochs berjocht oer de ein fan Reboelje. (Deze tekst ook in het Nederlands)

Gjin slotkonsert
Lit my earst de meast prykjende fraach beäntwurdzje. Komt der in ôfskiedskonsert of net? Yn it ynternetberjocht ein ferline jier hawwe wy oanjûn, dat wy dêr wol op rekkenen en wy hawwe fan jim ek in bulte suggestjes en ideeën krigen. Dochs leit der no it beslút dat der gjin Reboelje-konsert mear komme sil. De wichtichste reden dêrfan is dat benammen Marius foar sa´n konsert net it goede gefoel mear oproppe kin. Marius is bang dat sa´n konsert op in teloarstelling útrinne sil. In teloarstelling net allinnich foar de Reboeljes sels, mar ek foar de fans. Troch alle emoasjes lei de kwestje oangeande de krekte wize fan ôfskied-nimmen fan Reboelje, dreech. Wy hawwe der in pear kear mei inoar oer praat, mar wy koene net ta in oare konklúzje komme as dizze: wy moatte Marius syn 'gefoel' respektearje. Soks nettsjinsteande it feit dat de oare Reboeljes graach in ôfskiedskonsert jaan wollen hiene.

Hoe no fierder?
Marius hat foar himsels besletten om foarearst op te hâlden mei it meitsjen fan muzyk. Durk, Tiede, Tsjerk en Rommert binne noch wol mei muzyk oan 'e gong en komme sels alle wiken byinoar om te oefenjen. Jim binne krekt as ik grif ek benijd hoe't de útkomsten fan dat oefenjen klinke sille!

En de fans dan?
Ik realisearje my hiel goed dat it beslút fan Reboelje om net mear in ôfskiedskonsert te jaan, foar in soad fan jim in teloarstelling is. Ut alle berjochten dy´t ik heard en ûntfongen haw, kaam ommers de winsk nei foaren om noch ien kear ien kear mei-inoar de damp fan Reboelje op te snuven en 'e muzyk te ûndergean. Dat giet dus oer. Ferrekte spitich, mar, om Medusa te sitearjen, 'Der is net mear'. Dit is de ein.


Mei út namme fan de Reboeljes,
oant letter,

Klaas Sietse Spoelstra
k.s.spoelstra@planet.nl

De ein

dit is de ein
dit is de ein
wêr't it begûn
wa wit it noch
wêr't it begûn
wa hat it sjoen
dit is de ein
wat bliuwt der oer
wa bliuwt der oer
tusken in muorre fan wetter
en in muorre fan fjoer
dit is net de priis
foar wat wy diene
it is net it lot
fan wa't wy wiene
it is gewoan
deagewoan, gewoan
deagewoan, de ein
dit is de ein
dit is de ein
wêr't it begûn
wa wit it noch
wêr't it begûn
wa hat it sjoen
dit is de ein
dit is de ein
alles wat begjint
hat in ein
sa is it, it is net oars
it is gewoan
deagewoan de ein
dit is de ein
dit is de ein
wêr't it begûn
wa wit it noch
wêr't it begûn
wa hat it sjoen
dit is de ein
dit is de ein
alles wat begjint
hat ek in ein


04-11-2003>

Beste fans

Reboelje stopt.
Het zijn 5 letters die hard klinken maar ook duidelijk zijn. ´Stopt´. Na 16 jaar is de Reboelje formule uitgewerkt. Je kunt op een punt komen waar je elkaar moet laten gaan, dat punt hebben we bereikt en vandaar dit besluit. Een ieder voor zich heeft de kans heeft om iets nieuws te starten, te zoeken naar een nieuw begin. Na de Gysbert Gysbert inspanningen van afgelopen zomer en de time-out van Marius heeft een ieder na kunnen denken over zijn eigen toekomst binnen en met Reboelje. Daaruit hebben we samen geconcludeerd dat het mooi geweest is en dat Reboelje stopt. Een pijnlijk maar ook eerlijk besluit. Reboelje is ook ons leven, daar zomaar stop tegen zeggen doe je niet op een zondagnamiddag. Om jullie iets van de sfeer te schetsen waarin we dat hebben gedaan die zondag is de volgende zin wel typerend. ¨De Reboelje deur sluit, maar de deur gaat niet op slot¨.

Hoe nu verder?
Natuurlijk zit muziek maken in ons bloed, dus dat zal niet ophouden! In welke vorm dat zal ieder voor zichzelf moeten bepalen, daarvoor is het nu te vroeg.

En jullie onze fans!
We hebben samen met jullie een fantastische tijd meegemaakt en we zijn jullie ook fantastisch dankbaar voor hoe jullie ons hebben gesteund en ondersteund bij al onze projecten. Sinds het bestaan van Hamanaras en de geweldige inzet van Douwe, Teade, Hanneke, Jan, Tjalling, Theunis, Sjoerd, (… en nog vele andere) is er een warm bed om Reboelje ontstaan die we niet zullen vergeten!

Een waardig slot
Natuurlijk laten we dit niet zomaar voorbij gaan. We zijn ons aan het beraden op een waardig slot van onze Reboelje periode, dat willen we natuurlijk met name samen met jullie doen. Als je daar ideeën over hebt stuur dan een berichtje naar Klaas Sietse (k.s.spoelstra@planet.nl). Jullie zijn dus nog niet helemaal van ons verlost….


Groetnis
Rommert
Durk
Marius
Tjerk
Tiede

>> zie ook Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân

 

Bericht aan de fanclubleden van de Hamanaras-redaktie>
Beste Hamanaras leden

Afgelopen zondag heeft Reboelje onderling besloten er (voorlopig) een punt achter te zetten. Het was de bedoeling dat alle Hamanaras leden het als eerste zouden vernemen. Er werd nog gewerkt aan een tekst. Met eventueel al wat info over de afscheidsconcerten.
Helaas is het gisteravond uitgelekt naar de pers, zodat besloten is om alvast wat op de website te zetten en deze mail te versturen. Woensdagavond is er een persconferentie die bij omrop fryslan uitgezonden gaat worden.

Alle Hamanaras leden krijgen nog info thuis gestuurd.
Over het verdere bestaan van Hamanaras is de redactie zich nog aan het beraden.

Het motto van Reboelje is "de deur gaat dicht maar niet op slot". Reboelje kan nog steeds samen door 1 deur, ze drinken nog steeds een biertje samen en ze willen vooral deze lange muzikale periode op een positieve manier afsluiten met alle fans. We hopen jullie in ieder geval te treffen op 1 van de afscheids concerten.

de redaktie