REBOELJE teksten

Van het album "Wûnslân" september 2001

                       

 

Wûnslân (jou it kleur) - diel I

wolkom - hjir allegear
yn dit wûnderlik nije lokaal
lit mar sjen dat jim hjir binne
kom mar wat tichterby 
juster wie juster, hjoed is hjoed
mar moarn is in net te begripen dei

en sjoch hjir dizze stien 
dy't hjir delfoel as in stjer
doe't ik dat seach haw ik winske
dat elk fan jim in winsk dwaan mocht
leau yn dizze meteoar
sprek it út, watsto wolst en gean der foar 

jou it kleur! jou it kleur! 
dyn eigen wûnslân 
meitsje hjir dyn eigen dûnslân

hoefolle't der ek feroaret
al it nije wurdt wer âld
haw betrouwen yn dizze stien
fertel it troch en leau der yn
dat alles wat ik der mei oanwiis 
feroarje kin yn read of rôze of grien

jou it kleur! jou it kleur! 
dyn eigen wûnslân 
meitsje hjir dyn eigen dûnslân
jou it kleur! jou it kleur! 
lit it glânzje, lit it skitterje!
dyn eigen dûnslân 
Wa wit noch hoe't wie

wa wit noch hoe't it wie 
doe't alles hjir noch iis wie
doe't de greide hjir fol bosk stie
wa wit noch hoe't it wie 
wa wit noch hoe't it wie
doe't wûnslân krekt bestie 
doe't it wetter hjir frij spul hie
wa wit noch hoe't it wie 

wa wit noch hoe't it wie 
doe't kimswert yn 'e brân stie 
wa wit noch hoe't it wie 
doe't by surch in kleaster stie 
wa wit noch hoe't it wie 
doe 't de brâning noch bestie  
wa wit noch hoe't it wie
doe't de see, de see bestie
doe't de see, de see noch wie
Do hearst derby - diel I

ienris kaam ik hjir foarby
ik socht de rêst, de wyn, de romte en de see
do hearst derby, do hearst derby
ik twivele noch en woe hjir hast wer wei
mar in frou song my ta: do bliuwst by my
do hearst derby

do woest hjir samar gau foarby
do hiest gjin tiid, gjin toarst
gjin inkel each foar my
do hearst derby
mar in man in man, in frou, ien wurd
de jierren flean' foarby, de tiid giet hurd

ik fiel my thús, ik fiel in bân
hjir mei de minsken út dit lân
al bin ik nij, se groetsje my
se rikke my de hân
ik fiel my thús, ik fiel my ien 
hjir mei de minsken oer 't gemien
se groetsje my, al bin ik nij
ik fiel my hjir sa frij 
Stimmen

oeral om my hinne
hear ik stimmen, it moat oars
net sa, mar sa
stimmen foar, stimmen tsjin
út it neat wei, út de klaai
fier yn 't rûn, oeral wei

stimmen foar de frijheid 
stimmen tsjin de macht
oerdeis en yn 'e nacht
in stim hjir, dy't noch roppe wol
foel dy stien hjir samar del
út de himel of de hel

stimmen hear ik, oeral om my hinne
hear ik stimmen, stimmen foar 
stimmen tsjin, oeral wei, yn myn siel' 
yn myn hert, sels fan boppen hear ik stimmen hear ik oeral, hear ik stimmen

it rjocht foar elkenien
dy't seit wêr't er foar stiet
it rjocht fan samar ien
dy't freget hoe't it sit
in stim foar elkenien
dy't leaut yn syn partij
in stim út tûzenen 
want do en ik binn' frij

Hoe soe it wêze

hoe soe it wêze
as elk oer alles prate koe
oer hoe't it net moat 
en wat er oars ha woe
hoe soe it wêze
hoe soe it wêze
as wy ús lieders kieze koenen
en as se ferdwûnen
sa gau't wy se net mear woenen
hoe soe it wêze 

hoe soe it wêze
as elk skriuwe mocht wat er skriuwe woe
hoe soe it wêze 
as elk betinke koe wat er leauwe soe
hoe soe it wêze
as elk sizze mocht wat er sizze woe
hoe soe it wêze
as myn dream útkomme soe
sis my wat ik dan noch winskje koe
Do hearst derby - diel II

ús memmelân, wy moasten der wol wei
dy striid, dy eangst, ús flecht, dy lêste dei
do hearst derby
jim joegen ús hjir klean en ûnderdak
yn wûnslân fûnen wy in feilich plak 
do hearst derby

ik fiel my thús, ik fiel in bân 
hjir mei de minsken út dit lân
se groetsje my, al bin ik nij
se rikke my de hân
ik fiel my thús, ik fiel my ien 
hjir mei de minsken oer 't gemien
se groetsje my, al bin ik nij
it fielt as bin ik frij
Heitelân

dêr't de dyk it lân omklammet
lyk in memme-earm har bern
dêr't de wylde see jamk flammet
op in hap út fryslâns hern'
dêr't de stiennen man syn eagen
stoarje lit oer see en dûns
dêr't men eanget fan gjin weagen
dêr is 't leave lân fan wûns 

leaf, leaver, leafst
fiel de hertstocht, fiel de passy
fiel de waarmte fan de klaai

sûnt ieuwen lyn in peinzer pryster 
ús oprjocht de wierheid sei 
is it jûnsmiel mar in jûnsmiel
kiest in bern syn eigen wei 
fan grutte pier, dy't focht út wraaksucht 
each foar each, syn swurd sa grut
hie 'k al leard, dat ferjilding
foar ús friezen neat betsjut

leaf, leaver, leafst
fiel de hertstocht, fiel de passy
fiel de waarmte fan de klaai
it fielt as lava
mar it is de waarmte fan de klaai

fan de dichters, dy't frijút skreaunen
yn de taal fan 't boerefolk
haw ik leard, dat keunst in keunst is
like bysûnder as gewoan
hieltiid wêr hear ik de klokken
master gysbert, in ûnstjerlik man
no't de stiennen man wer libbet
hear ik muzyk fanôf de dyk
dêr sjongt in frou yn alle talen
fan har grinzer republyk