REBOELJE teksten

Van het album "Skepper fan'e Skepper"

                            skepper.jpg (26446 bytes)

Ingelân

Okkerjiers yn in novimbernacht
kaam in ingel oan ús bêd
en wylst wy dreamden dat wy sliepten
makke se ús wekker
se hie in leaf gesicht
ingeltsjehier
en in knopke yn har ear
se fleach by ús op bêd
en sei mei emoasje yn har stim
harkje nei my
de hel is fergien
it fjoer dat baarnt net mear
en de duvel is dea
satan is dea
of hat sels nea bestien
we seagen har oan
en we fregen ús ôf
is 't wol wier wat se dêr seit
en we fielden oan har wjukken
as se wol echt in ingel wie
doe lei se alles út oer de eftergrûn
fan de himel en de hel
en doe se seach dat se ús oeremus makke
helle se ús oan
ik begryp it bêst
sei se mei sêfte heaze stim
mar al wit eltsenien
dat it fjoer net mear baarnt
de wrâld feroaret nea net
we krûpten har oan
en we frijden mei har
oant se hommels oerein kaam
se sei fertel it mar net fierder
it giet net ien wat oan
der is ommers noch net ien west dy't leaude
dat syn heit of mem of suske
ivich baarne soe
en wylst se dat sei moast se gûle
triennen fan gelok
harkje nei ûs
de hel is fergien
it fjoer dat baarnt net mear
en de duvel is dea
satan is dea
en dy hat sels nea bestien

Frjemdeling

trein út it spoar
trein út it spoar
opsjitte, oanmeitsje
troch dy doar
ik nim in inkele reis nei it ûnbekende

gean mar fierder, al mar fierder
fan alles wat fan my wie,
al wat my yn'e wei stie
switte sil ik, switte sil ik - SWITTE

oan't ik net mear tinke kin
wês moedich frjemdeling
nimmen wachtet op dyn thúskomst

kronkels yn myn kop
útroegje sil ik se
ik wol neat mear fan my witte

op in moarn .... in trein .... it spoar ...
wês moedich frjemdeling

Eilân yn de see

fan ôf de heechste toer yn de wrâld
sjoch ik warbere lytse minsken
dy't lyk as lytse eamelders
mei grutte stikken drek sjouwe
neist my boartet de skepper
mei tûzenen tinne toutsjes
dy't sa fyn binne
dat se nea net yn'e tiis komme

fûgels fleane oer, dagen wurde koarter
en it wetter komt al tichterby
en op bleate fuotten troch de wiete drek
rinne manlju en rinne froulju
se driuwe it fee nei de wierde
want de nachten wurde langer
en it wetter komt al tichterby
it wetter komt al tichterby

hoe graach soe ik as in reus
troch it wiete waad rinne
en djippe fuotprinten meitsje
wêr al it wetter yn fuort rinne kin
maar machtleas sjoch ik nei myn buorman
dy't alle toutsjes yn'e hannen hat
en fan wa't ik wit
dat er better noch as my relativearje kin

en yn dizze tsjustere nacht yn de slachtmoanne
sjoch ik de angst yn de eagen
fan de âlderein en de bern
want it spoeket en it stoarmt
kei wurde ûnrêstich
it wetter komt fiersten te heech
en ik sjoch ûnskuldige lytse minsken
dy't bidde en dy't smeekje

lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see gewurde
lit ús wurkje lit ús libje
wy sille fjochtsje wy sille offerje
mar lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see
lit ús gewurde, gewurde

Marista

op it dak fan de Marista
rint de jongerein fan Ientsjerp
heech boppe de oare wrâld
tusken mosk en tusken pipen
en it waar wurdt steeds better
wylst se de doarpstoer hearre
trije oere
en it waar wurdt steeds better
wylst se de doarpstoer hearre
fjouwer oere

se krigen doe har
brochje
en se swaaiden en se fluiten
nei al wa't mar foarby kaam
oant de sinne ûndergong
mar ek de sinne ûndergiet
op it dak fan de Marista
op it dak fan de Marista
op it dak fan de Marista

Lemming

doe't ik juster fan hûs wei rûn
mei myn bûse fol jild en al myn betinksels
kaam ik ûnder de brêge myn gewisse tsjin
dy frege my om mei him mei te gean
tegearre binne wy doe fierder rûn
nei it lân fan útwrydske minsken

en krekt oer de grins yn dat smoarge lân
ferkocht ik alles wat my bybrocht wie
mar op it lange lêst die ik gjin each mear ticht
ik hallusinearde sels oer in dûbele moard
en doe't ik op in dei wekker waard
yn in see fan bloed en aspirines en in mes

haw ik myn gewisse fan kant makke fermoarde
út namme fan it jild en de grûn
en nea sil ien ús wer tegearre sjen

Ferflein fers

blau
de loft de see
de sinne skynt
ik skriuw in fers
yn it sân
wurd foar wurd
rigel foar rigel
it waar is moai, suver soel
en ik skriuw troch, ik skriuw troch
ik skriuw troch .....

ik sjoch om my hinne
ik sjoch om my hinne, der is neat
in fers sûnder ein
in fers sûnder ein

mar dan de loft berint
de wyn hellet oan
it sân waait op
wurden ferfleane
myn fers, myn fers, myn fers
it wie noch net ôf

Skepper fan de skepper

yn it sân en yn it wetter
oeral om my hinne
sjoch ik de skeppe fan de skrepper
dy't blinker yn de sinne
mar as de sinne no in stjer is
like lyts as alle oaren
dan freegje ik my ôf
wa is de skepper fan de skepper

Dokter fan bartlehiem

in jonge fan noch gjin sechstjin jier
dy't oars altiten sa sûn wie
lei no al wiken lang deasiik op bêd
hy koe net oars as krimmenearje
alle dokter hienen by him west
mar der wie net ien dy't wist hoe't er better wurde koe
syn heit en mem sieten neist syn bêd
oant er op it lange lêst yn sliep foel
hy dreamde dan oer nije tiden
wêr't in wûnder noch wol besteansrjocht hie

wêr is de dokter fan bartlehiem
de man dy't alle minsken hele koe
foar wa't de dea net mear as in grypke wie
dokter fan betlehem

in famke fan noch gjin oardel jier
gong mei har heit nei it griene krús ta
se spuiten har fol mei ynentingsguod
sûnder dat se der om frege hie
en doe't se folle âlder wie
en har berns bern al bern krigen
lei se oeren lang mei de eagen iepen
oant se op it lange lêst yn sliep foel
se dreamde dan oer ferline tiden
wêr't in wûnder noch wol besteansrjocht hie

Ik haw wûn

dêr sit ik dan yn in tsjuster keammerke
en troch de traaljes stoarje ik nei de loft
dy't stadich foarby skoot
oerenlang

lit se mar tinke dat se my hawwe
en dat ik my oerjou oan de arrogânsje fan de macht
ik gniis dêrom, laitsje se út
en ik fiel my sa wis
ik fiel my sa sterk

want as ik wol dan sjit ik se del
ien foar ien foar ien foar ien foar ien
ien foar ien foar ien foar ien allegear

dêr stean ik dan foar it gerjocht
en ik sjoch se oan, rjocht yn de eagen
wylst se my freegje wêr is dyn maat
hâld op hâld op ik bin mar allinnich
hielendal allinnich

mar as ik wol dan sjit ik jim del
ien foar ien foar ien foar ien foar ien
ien foar ien foar ien foar ien allegear
allegear

mar moar wurd ik wekker as in winner
moarn wurd ik wekker as in winner
ik haw wûn k haw wûn k haw wûn
foar dy foar my foar ús allegear