REBOELJE teksten

Van het album "Reboelje yn'e Sabeare Wrâld" 1987/1999

                    sabeare.jpg (35748 bytes) sabeare2.jpg (35748 bytes)

De deade man

wy rinne rûn de tsjerke
de sinne skynt op dizze tryste deade dei
en de kist giet foarop
en eltsenien rint der ferslein efteroan

de tsjerke rûn
de klokken spylje sa tryst
at sy mar kinne
en eltstenien rint mei
de deade man efternei

de tsjerke rûn
altyd mar wer rûn
net nei rjochts en nea net nei lofts
steeds hurder
steeds hurder
en de klokken
steeds lûder
steeds lûder

de tsjerke rûn
en eltsenein draaft mei
de deade man efternei
de deade man efternei

de deade man efternei

It famke

noch net sa lang ferlyn
yn in bosk hjir hiel tichtby
rûn in famke
hielendal neaken

wêr giesto hinne frege de sinne
en sy lake
net nei Beppe
dy is al dea

wêr giesto hinne fregen de fûgels
en sy lake
net nei Pake
dy is al dea

it lytse hûntsje dat hieltyd neist har rûn
skodde syn trouwe kopke
krekt't woe der sizze
'k fyn dy sa leaf famke
ik fyn dy sa leaf

in houthakker dy't alles heard hie
krige syn bile en houde it hûntsje syn holtsje ôf
krige syn bile en houde it hûntsje syn holtsje ôf
en sei gean mar mei my mei

ik haw it sa kâld sei it famke
ik haw it sa kâld sei it famke

mei ik mei dy mei?
mei ik mei dy mei?

'k fyn dy sa leaf
'k fyn dy sa leaf!

Sâlt wetter

as yn in rubberboatsje op it
swarte sâlte wetter
ik sjoch om my hinne allinnich mar wetter
iten haw ik genôch
'k kin alle dagen wol sêd
mar 'k haw sa'n toarst
ik haw sa'n toarst

sa dobberje ik op dizze swarte sâlte see
dêr't net ien my rêde kin
wêr't net ien my rêde sil
ik haw sa'n toarst
ik haw sa'n toarst

't wetter gniist nei my
drink my dan
straks is it te let
wês dysels of doarst do net
ik haw san toarst

't wetter gniist nei my hoe lang noch?
hoe lang noch foardat ik yn'e djipte spring
en it sâlte wetter drink
ik haw sa'n toarst
sa'n toarst

sâlt wetter

Moarn is alles foarby

yn it lan fan de frije minsken
hinget yn nuvere swiete rook
en ik haw alle ruten tichtdien
en ek de doar stie net mear yn't tsier
en ek al fielst do dy no wat dizich
do hoechst net bang te wêzen
moarn is alles foarby

en op de seal fan de fernijing hinget yn nuvere griene reek
mar do hast neat mear te ferliezen
want juster is in dei ferlyn
en ek al fielst do dy no wat dizich
do hoechst net bang te wêzen
moarn is alles foarby

yn in oare wrâld
wêr't wy hielendal op'e nij begjinne
wêr't de ik.net wat mear as dy bin
ek at ik al wat mear as dy kin
moarn is alles foarby

yn in oare wrâld
wêr't wy hielendal op'e nij begjinne
en wêr't do en ik in húske hawwe
en wêr't eltsenien te fretten hat
moarn is alles foarby
moarn is alles foarby

yn in oare wrâld
wêr't wy hielendal op'e nij begjinne
wêr't de ik.net wat mear as dy bin
ek at ik al wat mear as dy kin
moarn is alles foarby

yn in oare wrâld
wêr't wy hielendal op'e nij begjinne
en wêr't do en ik in húske hawwe
en wêr't eltsenien te fretten hat
moarn is alles foarby
moarn is alles foarby