REBOELJE teksten

Van het album 'Merkeman'

merkeman.jpg (18755 bytes)

Merkeman

Ik wie nog mar wit ik hoe lyts
doe't ik al wist wat ik wurde woe
merkeman dat wie myn libbensdream
doe't ik 13 wie, bin ik fan hûs wei rûn
ik ha myn âldens nea wer sjoen
ik bin meinaam troch in Dûtske merkeman

yn goeie en yn minne tiden
hy hat my altyd krekt sa behannele
as wie 'k syn bloedeigen soan
wy draaie yn Dûtslân en yn Switserlân
ik ken Gdanks en La Rochelle
in merkeman hat gjin heitelân

ik bin de merkeman
ik bin de merkeman

myn soan is no like âld
as ik wie doe't ik fan hûs wei rûn
mar ek hy wurdt krekt as ik in merkeman
hy hat nea net nei skoalle west
mar hy is wier wol goed by
alles wat er witte moat, dat leart er wol fan my

ik bin de merkeman
ik bin de merkeman
sa lang as myn bealch wol
bliuw ik in merkeman
sa lang as ik libje sil
bliuw ik de merkeman

It Tij Ferrint

lâns de râne fan in ryk lân
rint in frou dy't al mem wêze koe
sa hat it hier omheech en learzens oan
en se stoarret oer de see
se bliuwt stean en sjocht nei it spul
fan de weagen, it skûm en de wyn
mar foaral hjoed wol se net tinke
net oan letter en net oan 't ferlyn

it tij ferrint, de weagen ferdwine
sa giet al ieuwen oanien
salang as de moanne om 'e ierde draait
hat it altyd al sa west

se wit noch goed dat se lang ferlyn noch
hjir draafde mei har heit
se lake nei de fûgels
en skreau har namme yn it sân
se wit noch goed dat se doe al faak
der oer prate mei har mem
dy't doe noch net begripe koe
dat se nea net beppe wurde soe

it tij ferrint, de weagen ferdwine
sa giet al ieuwen oanien
salang as de moanne om 'e ierde draait
hat it altyd al sa west

 

In Nij Begjin

it wie al let dy jûn, doe't wy 'm stean seagen
it wie sa'n djoere grutte wein
al gau koenen wy 'm oan 'e praat krije
dy nacht noch binn' wy fuortflein
nei in oar lân, foar in nij begjin

wy ha noch sjeks meinaam en in pinpaske
út it hûs fan in freondin
fierders hawwe wy fan nimmen ôfskie naam
we wienen hastich en hienen sin
oan in oar lân, en in nij begjin

wy hawwe de muzyk lûd oan, mar wy ride net hurd
dat heart net in sa'n wein
we drinke wetter as wie it wite wyn
en ynstee fan tsjoch sizze wy no sante
op in oar lân, op in nij begjin
op in oar lân, op in nij begjin

wat hawwe wy no noch te ferliezen hjir
want in man dy't ien kear sitten hat
bliuwt yndied foar altyd in dief
ek al soe ús libben eindigje
yn 'e goate of yn 't gefang
hawar wy krigen al libbenslang

mar foar ús komt de sinne op
wy binn' al hast oer de grins
der is nimmen mear dy't ús keare kin
op ús reis foar in nij bestean
yn in oar lân, en in nij begjin
yn in oar lân, en in nij begjin

It Folksgerjocht

do dêr
tink der goed om
dyn dwaan en litten wurdt besjoen
en beoardiele troch my
ik bin de rjochter
sûnder tribunaal
ik bin it gewisse fan it folk
fan de gewoane man
pas mar op, tink der goed om
it folksgerjocht sprekt rjocht

it folksgerjocht
warskoget net ien kear
it had gjin nocht oan moaie praatsjes
dus bycht mar op
harkje goed nei my
foar 't te let is
ik wit alles en ik sprek de wierheid
ik bin de advokaat fan god
pas mar op, tink der goed om
it folksgerjocht sprekt rjocht

dêr de wetten net mear doge
as de rjochters deabenaud wurde
sprekt it folksgerjocht har út
en sil it folk it kwea mei kwea ferjilde
pas mar op, tink der goed om

jim dêr
tink der goed om
jim dwaan en litten wurdt besjoen
en beoardiele troch my
ik bin de rjochter
sûnder tribunaal
ik bin it gewisse fan it folk
fan de gewoane man

 

Fan It Lytse Wite Hûske

Gebaseerd op het lied van een Poolse concentratiekamp overlevende ...
Om hoop te houden zong hij ...

yn dizze útsichtleaze hel
der't it oeral stjonkt fan de dea
dream ik alle nachten wer
fan it lytse wite húske
it stiet oan 'e râne fan it bosk
wy sjogge út oer de fjilden
yn de tún ferbouwe wy ús iten
en foar de molke hawwe wy kij

yn myn dreamen
lis ik neist de frou
dy't ik al sa lang net mear seach
yn myn gedachten
streakje ik har troch it hier
en ik fiel har hân om my hinne

ús lytse bern dy't boartsje
op it hiem, yn 'e bosk, op 'e greide
alle nachten sjoch ik se wer
en ik nim se tsjin my oan
yn gedachten bin ik by de frou
dy't ik al sa lang net mear seach
sy laket my ta, swaait nei de bern
út it lytse wite húske wei

yn myn dreamen
lis ik neist de frou
dy't ik al sa lang net mear seach
yn myn gedachten
streakje ik har troch it hier
en ik fiel har hân om my hinne