REBOELJE teksten

Van het album "Medusa" 1994

                    medusa.jpg (40852 bytes)

Allinnich
buorman namme ûnbekend
wennet op nûmer ien
rint elke jûn as it tsjuster wurdt
mei syn hûn lâns myn hiem
holle nei de grûn
altyd sykje nea fûn
buorman, buorman nûmer ien
allinnich, allinnich, allinnich
finzen yn syn eigen hûs 
groeiden syn finsters ticht
fet, stof en grûs
nea in glimke ljocht op syn gesicht
fel, fel oer bonke
griis en kâld doe't er gie
buorman nûmer ien
allinnich, allinnich, allinnich 
Dyn prins

nea hiesto op him wachte
nea hiesto nei him útsjoen
mar ynienen dêr wie er, dêr stie er
dyn prins op syn wite hynder

en noch foar dat er dy wat freegje koe
naamsto him al by de hân
tegearre rûnen jim fierder
nei it dy nea beloofde lân

fol fan trots koesto oer him beare
fol fan trots joechsto oer him op
dyn prins dy't dy ferlost hie
troch wa it libben feroare wie

en it like wol ofsto blyn wiest
sa fol fan leafde en gelok
hy prate mar en lake mar
mar hat dy nea de wierheid sein

elkenien dy't dy wat better koe
wist wol dat it net wier wie
mar der hat nea ien west dy't dy wekker makke
út dyn libbenslange dream

en ek hy dy't sa lang by dy wie
wie it sels al hast fergetten
dat er feitlik net in prins wie
mar krekt as dy read bloed hie

 

De Heit

ferdwaasd rinne se om
sy en de broer
yn de grutte stêd dy't se útkame
sykjend om de Heit
oeral klopje se oan
se freegje net, se freegje neat

se sjogge om en gean wer fuort
sykjend om de Heit
se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
hy, de Heit dy't fuortgien is
sûnder wat te sizzen
rûn er fuort fan hûs en hiem

ek sy sille net werkomkeare
en de hiele jûn trochsykje
oant se him fûn ha yn dizze stêd
hoe lang de nacht ek wêze sil
sûnder de Heit keare se net werom
sa hawwe se dat sein tsjin de mem
dy't har der al by deljûn hie
dat de Heit der net mear wêze soe

oeral gean se deryn
se freegje net, se freegje neat
se sjogge om en gean wer fuort
sykjend om de Heit

se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
hy, de Heit dy't fuortgien is
se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
ek al twivele de mem

Der is net mear

lang hawwe wy der net mei dien
en in soad hawwe wy der net fan sjoen
en wat wy dêr mei berikt ha
dat wit net ien mear hjoeddedei

der is net mear, der is net mear
der is net mear
it is op, it is oer
it is foarby

wy kenne allinne de ferhalen noch
oer dy tiden dat it net op koe
wy tochten dat der genôch wie doe
en dat dat foar altyd sa bliuwe soe

der wie genôch, der wie genôch
der wie genôch
foar allegear, foar elkenien
wie der genôch

Dizze jûn
dizze dei fan'e wierheid
rin ik de hiele middei al rûn
skjin myn nocht fan'e drokte
sykjend om in skûlplak, in stikje grûn
dêr't ik allinnich bin en dreame kin oer juster
en dêr't net ien my fine sil 
dizze jûn
mar hieltyd wer as ik my deljaan wol
hear ik minsken om my hinne 
roppend, razend, flokkend
ticht by my lâns, hast oer my hinne
fierder, rin ik fierder
sykjend om in plakje út'e sinne
dy't noch hieltyd skynt en laket 
dizze jûn
wurger wurdt ik wurger
alles draait yn my om
mar te benaud bin ik om my hjir del te jaan
en myn eagen ticht te dwaan
myn mûle is droech en myn holle bonkt mar troch
ik wit wier net wêr't ik nei ta moat
dizze jûn
dus rin ik fierder troch de fjilden
benauder noch as krekt
en oeral dêr't ik stean bliuw
hear ik wer stimmen om my hinne
hurder, draaf ik hurder
fierder fuort fan alles
en de sinne skynt al net mear
dizze jûn 
Flecht

Fersein is it paad dat ik berûn
de leech begerze bermen
de djippe kûlen it skerpe pún
de deade einen en de termen

al smeller wurdt de púnlaach
no sa tichteby de mar
in stofwolke rattelet lûd
se litte my gjin kar

der siet in lucht oan wat ik die
dat roeken falske murden
mar wa't ik wie en hoe't ik hiet
is nimmen dúdlik wurden

wapens komme foar it ljocht
it paad wie dochs te koart
doe't in kâlde kûgel song
wat is der einlik bard

Hamanaras

de rin de rein de rempels oer
wêr ware was de bysje sjocht
en troch de bean fan eanema
sa lykje troch dy oane sin

mar do doe krekt Hamanaras
troch wieke sondarin
sjoch lykje sa de rein wol yn
en jou dy tade sin

It tonger't net mear

yn in middelgrut doarp hjir hiel fier fanôf
dêr wenne in widdofrau
se hie in kast fan in hûs mei wol tûzen keamers
en trije fammensbern
en yn dy nacht doe't it o sa tongere
kamen se ien foar ien nei ûnderen
se dronken molke mei kaniel
en mem seach yn har glêzen bol

folle earder noch as jim tinke
sil ien fan jam siik wurde
sa siik dat net ien har mear sjen mei
en nimmen noch hoapje doart
mar se wurdt better, se wurdt better
en folle letter sil se troue
yn in houlik fol fan leafde
en ik sil fan har hâlde

en letter as jim hier griis wurdt
sil de loft noch faak berinne
en jim sill eangst kenne, bang wêze
en ek jim sille ferlieze
mar júst dan kenne jim my werom
en ek dan noch sil ik foar jim bidde
gean no mar sliepen, gean no mar sliepen
it tonger't net mear

Krekt as wy

ûnder dizze brêge
wachtsje wy op dy
krekt foar't de klokken spylje
silsto hjir wol wer lâns rinne
do draachst begrutlik djoere klean
en do rûkst net nei dysels
do doarst ús net rjocht oan te sjen
dêrom sjogge wy dy nei
sa rinsto nei dyn wurk of sa
alle dagen wer
en elke dei mar wer op syk
nei noch mear oansjen en gelok

yn wêzen bisto krekt as wy
like rûch, like frij
yn wêzen bisto krekt as wy
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en djoere klean

nachts as it ferkear ferdwynt
en de measte lampen útgean
tinke wy oan dy, en aaie ús sels
ûnder ús tekkens fan karton
yn ús dreamen leisto neist vu's jûns
en krûpe wy dy oan
jouwe dy leafde en gelok
oant wy foldien en wurch yn'e sliep falle

yn wêzen bisto krekt as wy
like rûch, like frij
yn wêzen bisto krekt as wy
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en

 

Medusa

it plein leit der noch krekt sa as yn it ferline
en de muorren steane der al mear as tûzen jier
Wêr't de sinne alle dagen wer op komt
salang't de ierde draaie sil

dagenlang al rin ik fierder nei it easten
blierren doge my sear, en myn rêch is slim ferbaarnd
mar neat sil my wjerhâlde
om nei Medusa ta te gean

hieltyd mear, sjoch ik minsken om my hinne
krekt as ik ûnderweis nei Medusa
dêr't de sinne alle dagen wer op komt
salang't de ierde draaie sil

mei-inoander rinne wy fierder nei it easten
al pratend oer it lân dat wy ûntdieken
yn in taal dy't ek al sprutsen waard
yn dy lang ferfleine tiden

Swimmer

ynmoedich rin ik mei dy nei de râne fan it lân
it is neare nacht en it wetter is noch swarter
wy klaaie inoander út en ik begraaf dyn klean yn it sân
tegearre rinne wy hân yn hân it wetter yn
wy swimme fierder troch de brâning
fan sânbank oant sânbank
fierder fan de râne fan it lân ôf
en do fregest my
kinsto hjir noch wol stean?
kinsto hjir noch wol stean?
mar ek ik doar net mear te fielen
hoe djip oft it hjir is
en sûnder noch te praten swimme wy fierder
fierder fan de râne fan it lân ôf

en dan fernim ik datsto wurch wurdst
en ik nim dy tsjin my oan
mar do fernimst it hast net mear
ik byt dy yn'e hals
en dan knypsto yn myn hân
sa nim ik ôfskie
en foar de lêste kear streakje ik dy troch it hier
foar de lêste kear streakje ik dy troch it
dweiltrochwiete hier
en ik swim fierder
rêstiger as krekt swim ik fierder
fan de râne fan it lân ôf

Winternacht

yn dizze winternacht is de moanne fol
en de wrâld leit fol mei snie
do, do draafst en draafst mar
mar nearne sjochsto in hazze
nearne sjochsto in proai

koesto mar wat fine
do soest der sljocht mei wêze
do soest it tusken dyn klauwen nimme
do soest dyn tosken deryn sette

do soest djip yn har teare bouten bite
en dy sêd drinke oan har bloed
do soest djip yn har teare bouten bite
en dy sêd drinke oan har helreade bloed

do harkest nei de wyn yn de winternacht
en do leskest dyn baarnende kiel mei snie
en sa tôgest dyn earme siel
nei de duvel

 

Wurch

 

wurch
sa'n protte te dwaan
wurch
en klear bin ik nea
argewaasje
sa'n protte dat ik net fetsje kin
minsken
minsken dy't ik net ferstean

nacht
aaklik lange nacht
sat tsjuster en sa stil
ik kin net sliepe
it fljucht my oan

allinnich oan mysels tocht
en wer net oan dy oar
ik nim my moedich foar
dat ik my moarn opskerpje sil