REBOELJE teksten

Van het album "Magysk Teater" 1991/2001

magysk(1).jpg (18755 bytes) magysknij.jpg (18755 bytes)

Boumaster

Op syk, op syk nei nije foarmen,
net stilstean draai dy net om,
sâlpilaar, beweechlikheid.

Faaks is feroaring wol wichtiger as fêstichheid,
ûnwissichheid wichtiger as wissichheid.
Wês net benaud.
Doar it oan!

Dogma's trochbrekke,
wês eigenwiis, w&es sweevjende ...
Do bist in keunstner, in martler,
boumaster fan 'e wrâld om dy hinne.
Brûk mear kleur, it sil dy stean.
Nije linen, nije foarmen,
wês sweevjende ....

Net foar eltsenien

Op in die lyk as al dy oare dagen
rin ik de trep ôf fan it âlde boargerhûs.
Ik lûk de doar efter my ticht
en op'e nij rin ik de stêd troch yn'e rein
sûnder reden, sûnder doel yn it libben
sykjend om dy lytse skoftsjes, dy sprankjes fan gelok,
dy't sa moai, dy't sa moai wêze kinne.
En tsjin de muorre fan it kleaster
sjoch ik op'e nij dûnsjende letters
en ik lês:

Magysk Teater, tagong fergees
mar net foar eltsenien, allinnich foar gekken.

It begjint fûlder te reinen
ik kin de letters net mear fine,
weemoedich rin ik werom lâns kino's en kafees
en oeral hear ik se sizzen: kom der yn, kom herein.
Mar dat wie net foar my, dat wie foar eltsenien.
Unferwachts rint in man my hastich foarby,
mei in boerd op syn rêch, mei dûnsjende letters
en ik lês.

Magysk Teater, tagong fergees
mar net foar eltsenien, allinnich foar gekken

 

Ferdivedaasje

Doe't ik op in dei wer oan't sykjen wie
en my oansleat by in lykstaasje,
koe ik ien fan de dragers wer werom
as de man dy't my foarby rûn wie.
Ik herkinde him mei ien
knikte him ta en frege:
Is hjir jûn ek wat te dwaan yn dizze stêd
is der hjoed ek jûnsfermaak,
is der jûn ek wat te dwaan yn dizze stêd.

Hy koe my net mear werom
en woe al wer fierder rinne,
mar ik frege him op'e nij
wêr kin ik jûn wille ha?
Watfoar wille dat sei der?
Ferdivedaasje ferdúdlike ik!
Is hjir jûn ek wat te dwaan yn dizze stêd
Is der hjoed ek jûnsfermaak,
is der jûn ek wat te dwaan yn dizze stêd.

Ik sykje wille, fertier ferdivedaasje
Ik sykje wille, fertier ferdivedaasje
... famkes

Fertiisd en ferslein

Fertiisd en ferslein waard ik stadichoan wer mysels,
mar noch hieltiten wie ik net ûnstjerlik
en fielde de pine fan it lijen.
Ik rûn nei de ein fan'e gong
dêr't in spegel hong en foar de lêste kear soe ik
tsjinoer mysels stean, tsjinoer de wolf stean.

Lang hienen wy inoar net sjoen,
it like wol tûzen jier ferlyn.
Hy seach der noch like min út as dee lêste kear,
meilijich seach er my oan.
Mar ik wie âlder wurden
enhie it magysk teater belibbe.
Ik koe no dûnsje frije fjochtsje
en my fermeitsje as gjin oar.

Mar ik hie myn nocht fan him
en ik spuide op'e spegel
en trape him oan diggels
en ik fielde oan myn knyft,
wat der wie noch mear te dwaan.
In kreas bleek fanke wachte nog op my
en ik joech my nei de oare ein fan'e gril ferljochte gong
en iepene de doar
en dêr leinen se te sliepen,
sy en myn freon de musykman
en net benaud en sûnder wifeling
stiek ik it knyft yn it waarme fleis en ik huvere ...

 

Hâld fan my

Op'e nij belibbe ik dy sneintemiddei,
Tink wol tritich jier tebek!
Dêr stie se wer, noch krekt as doe,
Myn alderearste leafde.
Se rûn net troch mar seach my oan ...
Har beide eagen blonken ...
Doe't ik tichter by har mûle kaam, frege se:
Hâldsto dan wier sa fan my?

Ik wist hoe oars myn libben west hie,
As't ik har dy deis net gean litten hie.
Aaahh ...

Sa seach ik eltsenien werom,
Op wa'k foarhinne ea fereale wie.
Mar net mear as yn in dream,
Hjoeddedei yn wurklikheid!

Ik wist hoe oars myn libben west hie,
As't ik harren dy hjerst net gean litten hie,
Alle dagen, alle nachten, alle simmers,
Dy't ik oerslein hie!
Aaahh ...

Honger

Ek al hawwe wy gelyk,
tûzen kear gelyk
en binne wy siik fan ûnwennigens
nei in oare wrâld, in hegere wrâld
lit ús net begearlik wêze,
lit ús ûndergean.

Want wa't hjoeddedei oerlibje wol
yn ús noflike, oermoedige wrâld,
moat gjin honger hawwe
se sille ús wy (do en ik) dy't pretinsjes ha,
&uacut;tspuie en oan'e kant sette.

It is it lawaai en net de musyk,
it is de wille en net it gelok,
it is de leafde en net de hertstocht,
it is it jild en net de siel,
dy't fan'e wrâld ús tehûs meitsje,
wy dy't net ûnstjerlik binne.

Sielesiik

Eltse nacht foar it sliepen gean
sjocht er mei wroeging oer syn skouder
yn'e spegel dy't neist him stiet
in wolf, in wolf yn minskeklean,
dy't hongerich is en bang
en dy't beesteftich syn bêst docht
yn syn minskerol
mar hy bliuwt in wolf, in wolf yn minskeklean!

Hy hat frijd mij moaie froulju,
hy hat boeken skreaun, rymsels makke,
hy hat reizige en wille hân,
en hy hat troud west,
mei in frou út tûzenen,
like sielesiik,
like sielesiik as him!

Mar dat as lang lyn
en as hy hjoeddedei yn'e spegel sjocht,
dan jout er himsels noch in jier,
dan jout er himsels noch in jier,
as twa miskien,
it is him wol dierber,
want hy bliuwt in wolf, in wolf in minskeklean!

Swarte Ridder

It wie al let yn in frjemde stêd,
doe't ik foar in kafee lâns rûn.
Op strjitte hearde ik wylde musyk;
boppe de yngong stie "De Swarte Ridder"!
en ik tocht: ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!
Binnen wie it grôtfol
op in bank tsjin'e muorre
siet in kreas, bleek fanke mei in blom yn it hier,
se lake my ta, skode in eintsje op
en frege my, hoe let ik it hie
en ik sei: ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!

Hja knikte my ta en sei: ik begryp it wol,
bliuw hjir mar do bist in brave man.
Fermeitsje dy no mei my dizze jûn,
bliuw hjir mar en tink no net oan moarn.
Doe pas fernaam ik hoe wurch oft ik wie
en yn har earms foel ik yn'e sliep.
Pas doe't ik wekker waard,
kaam se oerein en ik frege:
Wannear sjoch ik dy wer?
Hja sie: sykje mar wat dan fynst my wol,
mar gean no mar gau nei hûs!
mar ik tocht ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!

Mar doe hiest it dochs sa swier
en doe hiest alles al besocht;
do fûnst it libben neat mear wurdich,
wêrom twifelst no dan noch?

Traktaat fan'e Wolf

Ik lês it jiermerkeboekje, soks as de jannewarisminske
Skreaun troch in bûtensteander
wa't mear, mar ek minder fan my wit.
As in ûnpartidige lês ik it minprinte útnoegjende opskrift
"Traktaat fan'e wolf"

Do jûnsminkse, nea ôfhinklik fan in oar,
giest doe sige saagjend troch dyn libbensrin.
Do leist it ein yn it begjin
troch njonkelytsen dysels te koart te dwaan.
En al dy dagen dysto ferlern hast,
dy't dy gjin presintsjes brochten,
dy't dy nea it lykwicht hellen.
dy'sto der allinnich trochbrocht hast.

Mar der binne skoftsjes fan útsûnderingen
as yn dy sêfte passaasjes fan Mozart,
as by it lêzen fan Goethe's fers:
"Dammrung senkte sich fon oben".
Dan is 't asto troch de himel fljochst,
de skepper oan it wurk sjochst,
de skoftsjes dasto it gouden godlik spoar
troch dyn libben sjochst.
Bytiden djip yn smoargens ferhoale,
en dan wer strieljend mei gouden fonken.
Sa koesterst de laffe leafde foar it boargermansbestean;
troch it kwea yn'e wolfslearzen te skowen
en allinnich yn twa sielen te leauwen
sjochst nea dy tûzenen oare blommen fan dyn siel!

Wy litte dy no allinnich op it paad nei de ûnstjerliken,
en asto dêr ea terlâne komst, sist de wolf beskrobjend en mei
begrutsjen talaitsje.

Musykman

Ik fûn har wer werom
en ik fûn har folle faker.
Se learde my it dûnsjen,
se learde my it laitsjen.
Ik kaam yn de kunde mei har kunden
dy't de keunst allang ferstienen.
Lykas de kreaze musykman,
dy't ivich en foar altyd freonlik lake.

Wat faker oft ik him seach,
wat better oft wy koenen.
Mar as ik prate oer musyk,
joech er nea net echt in antwurd.
Op in dei makke ik my dêr lilk om
en ik easke doe syn miening,
mar hy sei: prate oer musyk,
it hat foar my gjin wearde.

En wa't der ek gelyk hat
de skriuwers of de praters
Ik bin in musykman en ik spylje foar
de wille, it gelok, de leafde,
de leafde ta de musyk.

Spaanse Mich

Doch dyn eagen ticht,
doch dyn eagen ticht, en draai
Lit dy meisleure nei ûs mearke wriâld
wêr't it altiten simmer is.
Wês wolkom yn dy wrâld,
wêr't alles om dy draait,
wêr't alles like swiet rûkt,
en wêr'st mei elkenien frije meist.

As de sinne net mear skynt
en as de lampen net mear baarne,
doch dan dyn eagen iepen
en sjoch ús oan
stek twa fingers omheech yn'e loft
en sis ús nei: De Spaanse Mich

Dan sille wy dy belove
dat'st hjir altiten bliuwe meist,
mar dan moatst do goed begripe
dat'st hjir foar ivich bliuwe moast
lytta vesicatoria

Nûmerke 12

It wie al midnacht,
doe't ik deryn gie.
It feest, wie yn folle gong.
Rûnum waard dûnse, yn alle gongen op alle treppen
en de sealen wienen fol mei maskers en musyk.
Clowns sloegen my op 't skouder
doden en stoden tsjin my
en ik fielde my alhiel ferlern
en ek de wyn smakke my net.
Krekt doe't ik besleat myn jas wer oan te dwaan,
koe ik myn nûmerke net mear fine.
Mar in duvelachtich mantsje sei: Wês net benaud,
nûmerke kwyt, hjir hast mines.
Al gau seach ik dat it nûmer gjin nûmerke wie,
mar in briefke dêr't op skreaun stie:
fannacht fjouwer oere
kom nei de hel,
tagong fergees,
mar it kost dy dyn ferstân.

Op'e nij sette ik it feestgewoel yn
en ik dûnse, en ik dronk mei grutte swolgen
en fielde my ien mei de hiele kloft
en ek de nacht doarde in ivichheid lang.
Doe't it ljocht waard
en de measten al op hûs oan wienen,
kaam ik myn âlde maat tsjin.
Hy stelde my gerêst,
we smookten in sigaret
en hy frege my: Bisto der klear foar?

Magysk Teater

Ik befûn my yn in rûne keamer
mei allegear smelle doarren
en troch de swietrook fan'e wyreek
koe ik dyselde stim werom.

Wês wolkom yn myn teater freon,
wês wolkom en gean dyn gong,
lit de wurklikheid de wurklikheid
en dyn eigen ik hjir efter, hjir efter.

Yn 'e spegels oan'e doarren
seach ik wol tûzen kear mysels,
Jongere, âldere, trêftiche en grappiche

Hâld fan my

Op'e nij belibbe ik dy sneintemiddei,
Tink wol tritich jier tebek!
Dêr stie se wer, noch krekt as doe,
Myn alderearste leafde.
Se rûn net troch mar seach my oan ...
Har beide eagen blonken ...
Doe't ik tichter by har mûle kaam, frege se:
Hâldsto dan wier sa fan my?

Ik wist hoe oars myn libben west hie,
As't ik har dy deis net gean litten hie.
Aaahh ...

Sa seach ik eltsenien werom,
Op wa'k foarhinne ea fereale wie.
Mar net mear as yn in dream,
Hjoeddedei yn wurklikheid!

Ik wist hoe oars myn libben west hie,
As't ik harren dy hjerst net gean litten hie,
Alle dagen, alle nachten, alle simmers,
Dy't ik oerslein hie!
Aaahh ...

Noflike Jacht

Oeremus en moardsuchtich
jouwe wy ús nei de stûd ta,
dêr't de oarloch krekt begûn is
en ek wy lade ús gewearen
Ek al is de oarloch net hillich
en stiet de duvel oan ús kant
ús doel is de ferneatiging,
de ein fan'e wrâld.

Ut ús eagen laket de wroeging
helder, mar oprjocht;
we sjitte bern en grutte minsken dea
en gnize om elkoar.
Want ek al is de oarloch dan hillich
en stiet de duvel net oan ús kant
yn ús krústocht tsjin it minskdom
docht it der net ta wa't wint.

Wy hienen in prachtich útsjoch
oer de stêd dy't yn'e brâ stie.
Dêr't klokken angstich lieden
oanhâldend al mar troch.
En oeral om ús hinne
leinen minsken te krepearen,
guon ferwûn, guon yn grûs
guon gûlden, guon raasden ...
Mar de sinne like ûnder te gean
folle moaier, folle reader,
mar de sinne like ûnder te gean
folle moaier, folle reader noch as oars.

Oer it slachtfjild kuiere in man
dy't fredich ús dieden beseach.
Hy iet wat en hy dronk wat
en foldien rûn er fierder ...


Trije

Hjir stean we mei ús trijen yn de de keamer fan de oergeunst,
we staorje nei de rúten en we sjogge ús sels.
We swaaie mei ús earms en we skoppe mei ús fuotten,
mar we komme der net út wa't wa no is.

Doch it ljocht dan út sa hear ik jim dan sizzen,
mar as ik harkje nei jim dan hear ik mysels,
en as ik praat tsjin jim dan hear ik dy,
en we komme der net út wa't wa no is.

Wa bin ik fan ús trijen, wa bist do fan ús trijen
wa bin ik, wa bist do en wa bin wy.

Krekt is ien fan ús fuortgien,
de keamer is no oars,
en as ik dyn hân fêsthâld dan fiel ik dy net mear.

It kralespul

Ier en betiid stie ik bûtendoar yn'e kjeld,
tusken fjouwer keale muorren.
Lyk foar my oer stienen tolve hearen
en neist my wie it skafot.
Op har befel rûn ik nei foarren
en ik knibbele en harke nei it fonnis.

Foar jim stiet de man dy't ús teater misbrûkt
en ferwiksele hat mei de wurklikheid.
Hy hat it spegele fanke kâld makke
mei syn spegele mes en boppedat hat er ús teater bespile
sûnder te laitsjen.
Dêrom feroardielje wy him ta it ivige libben!

Dat njonkelytsen waard it my dúdlik,
de nûmers, de letters
alle regels fan it spul,
ik trochseach it hielendal.
En fannijs soe ik it spylje,
op in dei soe ik it leare:
it laitsjen, it libjen
it boartsjen fan sabeare.