EN DE WINNER IS…REBOELJE

No, dat fan de winner is wier, mar de wize werop wie efkes oars. Hjoed 21 novimber 2002 is de BERNLEFPRIIS 2002 útrikt oan de band REBOELJE. HAMANARAS wie derby. De Steateseal fan it Provinsjehûs siet fol mei ferneamde en wat minder ferneamde artysten:
Adri de Boer
Bricquebec
Om 'e Noard
Skarl
Doede Bleeker
Piter Wilkens
Jaap Louwes
en fansels REBOELJE
Peter Sijbenga stie wol op it listje mar koe net, lykas de ferdivedaasje dy foar dizze middei besteld wie.

Fierders wiene der noch in stik of tsien ynteressearen en skriuwende, kiekjeflappende en filmjende parseminsken.

Foarsitter Breuker joech al gau it wurd oan deputearre Bertus Mulder. Dyselde Mulder hat twa kear nei TRYATER west om REBOELJE te sizzen dat sy nominearre wiene. Hawar, doe't Mulder it wurd krige hâlde de man nea wer op. Mar dochs ynienen wie hy wer werom by Bernlef wer it allegear om begûn wie.
Dernei mocht Lysbeth Bonnema út namme fan de sjuery (sy sels, Sjouke Nauta en Wim Bloemendaal) it listje mei de nominearren by del. Noch foar it spannend waard kam sy al mei de meidieling dat REBOELJE yn de beneaming kaam foar de priis. Sy gong daliks troch mei te sizzen werom de sjuery dizze kar makke hie.
It is, en no sis ik it mar sa as ik tink dat it is, de foarbyldfunksje dy de groep hat foar oare muzykanten. Hja kinne no yn de eigen taal sjonge en gjin minsk sjocht der mear frjemd fan op. Fierder hat de groep oantoand dat sy telkens wer nije grinzen opsykje en dochs har sels bliuwe. It gebrûk fan ferskate ynstruminten en de ynset fan oare artysten bygelyks. Dermei waard û.o. De Brulloft en Blau Paradys bedoeld.

De sjuery spruts de winsk út dat de fryske muzyk ek bûten Fryslân oandacht krije mei. Der soe de provinsje foar soargje kinne, lykas dat yn Denemarken bart. Miskien dat dizze priis, neamd nei in Grinzer, ta stipe wêze kin.

Der wie in lang en terjochte applaus fan alle nûmers twa en doe moast REBOELJE nei foarren komme. Dimmen als altyd waard de priis (€ 2000) en de oarkonde yn ûntfangst naam. Net folle letter wie der sjampanje. Fansels hie Douwe der foar soarge. It wie dernei noch lang gesellich yn it Provinsjehûs.

Mar net al te lang want de winners moasten nei de Omrop foar yn fraachpetear yn "Brekking". Der koene wy heare dat de priis goed besteed wurde sil (of is it no sil wurde?).

ALLE REBOELJES: LOKWINSKE ! ! ! WÊZ IN FOARBYLD.

As REBOELJE in foarbyld is foar oare Fryske bands dan sil der ynkoarten noch hiel wat ôf feest wurde.

teade