Tsjom, 9 februaris 2002

Nei wer in noflike, geselliche jūn mei Reboelje, sitte we noch efkes nei te praten yn’e bar fan de Moeting. Ek Teade skowt oan. Noch in bierke? Teade: nee, in malt, want ik bin BŪB. (bewust ūnbeskonken bestjoerder). Mar neffens him kinne jo ek oansketten reitsje fan malt. Klaas H. is blostich fan’e lemon. Hy is jūn BŪL. (bewust ūnbeskonken lemondrinker) Mar wat sketst śs ferbazing? Teade skriuwt net in stikje oer dizze jūn. Hoe moat it no? Dy stikjes fan him binne altyd tige aardich om te lźzen. Wol hat’er de setlist meinommen. Der wurdt in skoftsje oer praat, der moat dochs wol wat skreaun wurde. De eachen fan’e minsken die’t om’e tafel sitte rjochtsje harren op "twa famkes". No fuort dan mar. We krye noch wol in tip fan Teade: de baspot net ferjitte te fermelden! Goed Teade we sille der om tinke:

As ik dizze jūn de Moeting yn Tsjom binnenrin is it noch net botte drok. It is dan ek noch mar 21.15 dus kin der noch fan alles barre. In oantal fźste Reboelje-fans binne al oanwźzich, werūnder Monte. Hy is altyd ien fan’e earsten. Efkes letter komme de Hilaarders binnen. Wat my oangiet kinne we begjinne. Rūn healwei tsienen sjogge we de Reboelje-mannen op it podium ferskinen. Sido Martens is ek dizze kear wer fan’e party en ik fyn it grappich om te sjen hoe’t hy, neidat hy yn Twyzel foar it earst meispile, no al guon stikken tekst meibrult. Ik sit dan ek te wachtsjen op it moment dat hy Langstme foar śs sjonge sil. Dizze kear moate we dit nūmer spitich genoch alwer misse (lykas Johan trouwens, die’t der ek wer net by is). Mar miskien moate we it mar sūnder Langstme stelle oant Durk der wer by is. Ik bin bliid fan Marius te hearen dat hy stadichoan wer de ālde wurdt. Durk fan herte betterskip!!!

Reboelje is fannejūn begūn mei Musykman, folge troch it nūmer Simmersliep.(wanneer soe’k werris meisjonge meie?) Hjirnei Dizze jūn, Der is net mear, Famke, hūn… en De tunnel fan it ljocht. It publiek is nei foaren kommen en der hinget in geselliche sfeer. Dan de Spaanse mich, in prachtig nūmer fyn iksels. Noflike jacht komt lykas yn Twyzel ek wer foarby. Dizze kear gelokkich net mei safolle echo deryn. Nei Hein en Medusa gean de jonges om in bierke, en wy beslśte itselde te dwaan. Nei in, foar śs gefoel, te lange pauze giet it mei in Ny begjin pas echt los. Sido stiet oan it begjin fan dit nūmer noch in bytsje ferskūle efterop it podium. Mar stadichoan komt’er mei syn tamboerijn dan dochs nei foaren. Tiede biedt him syn microfoan oan en sa kinne we it lūd fan dit instrumint in stik better heare. Hjirnei heare we Wurch folge troch De kening moat dea. Dit nūmer stiet sūnt 02-02-2002 ek wer op’e setlist. Marius hat śs ūndertusken ferteld dat Tsjerk in baspot oanskaft hat, hartstikke leuk en tige djoer neffens him. Allinich, spitich genoch kin Marius it effect fan dit apparaat net heare (wy wol hear). Nei de Fūgel, it nūmer Marye Maria. Efkes gau in bierke helje, we ferlieze nochal wat focht. Dan it wat ruchere Lźste nacht, wat ik in skitterend nūmer fyn. Tiede is fannejūn yn superfoarm. Neffens Teade, en die har der ferstān fan, hat er gjin inkelde fout makke.

De lźste trye nūmers binne ek allegear favorieten fan my. As earste Folksgerjocht: altyd mooi om te sjen hoe’t Tsjerk him ynlibbet tidens dit nūmer. En dan ynienen, tidens de solo fan Tiede, rint Tsjerk fan it podium ōf??? Nei’t wy letter hearden moast’er nei it hśske!!! Dan noch De Raaie en de Deade man. Geweldich! It is dan tolf oere west, en we binne alwer ta oan de tajefte: Merkeman, Eilān en fansels Trye. Al mei al in hiele geselliche jūn, goeie sfeer en in prima band!!!

Oant Ingelum, oant Reboelje.
Nantsje en Peta